Rilekse yn de Prinsetún mei de Relaxerette

13 apr 2018 - 18:32

Op 'e nij in nuveraardich projekt yn it ramt fan LF2018: de Relaxerette. It is in grutte ynstallaasje mei rûndraaiende hingmatten. De ynstallaasje is betocht troch keunstner Arjan Kruidhof en ûntwikkele yn gearwurking mei Explore the North en Lân fan taal. Minsken kinne harren yn de ynstallaasje fergees deljaan en krije, al starich rûndraaiend, muzyk en poëzij te hearren fia in koptelefoan.

De iepening wie freed as ûnderdiel fan it Taletúnfestival yn de Prinsetún. Deputearre Sietske Poepjes soe ek in rûntsje meidraaie, mar doe't it sa fier wie, doarde se dochs net.

Doel is dat de Relaxerette de hiele simmer op toernee giet by alderhanne festivals del, lykas Oerol, it Oranjewâldfestival en Simmerdeis.

(advertinsje)