Noppert treft Van Gerwen nei winst yn Saarbrücken

13 apr 2018 - 17:29

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtemiddei de earste ronde fan de German Darts Open oerlibbe. Yn Saarbrücken won Noppert mei 6-4 fan de Ingelsman Richard North.

Nei sân legs spyljen stie it 4-3 foar Noppert. Alle legs wienen breaks. Noppert wie dêrnei de earste dy't in gatsje sloech troch syn 'eigen' leg te pakken. Dat joech de Jouster net mear fuort.

Yn de twadde ronde spilet Noppert tsjin Michael van Gerwen. Dy wedstriid is sneontejûn.

(advertinsje)