FIDEO: It oarlochsmonumint foar Jan Eisenga op De Gordyk

16 apr 2018 - 07:11

Yn Fryslân binne mear as trijehûndert monuminten dy't weromtinken dogge oan de Twadde Wrâldoarloch. Op 24 april meitsje de provinsje en it Nationaal Comité 4 en 5 mei bekend wa't it Komplimint foar in oarlochsmonumint krijt.

In sjuery hat besjoen hoe't der op it monumint past wurdt, no en yn de takomst. Der binne fiif nominearren dy't dizze wike omtinken krije op Omrop Fryslân telefyzje en radio. Moandei it monumint foar Jan Eisenga op De Gordyk.

Jan Eisenga wie skoalmaster. Ut solidariteit mei de molkestaking op 3 maaie 1943 frege er de âlden om de bern de dei dêrnei thús te hâlden. De Dútsers hearden dat en pakten him jûns let op. Op 5 maaie 1943 is er deasketten.

(advertinsje)