Subsydzje foar teäterstik oer tsjerkebrân Minnertsgea

De stichting Grut Hermana hat 9.500 euro subsydzje krigen fan de provinsje, foar in grut teäterstik. It stik wurdt yn novimber spile en giet oer de gefolgen fan de grutte brân yn de tsjerke yn Minnertsgea yn 1947.
It is de bedoeling dat de doarpsmienskip en de regio sa folle mooglik belutsen wurde by it filmyske lokaasjeteäterprojekt. De provinsjale subsydzje komt út it Iepen Mienskipsfûns.