VIOD-froulju stappe oer nei Harkemase Boys

13 apr 2018 - 16:53

De fuotbalfroulju fan VIOD út Driezum stappe oer nei Harkemase Boys. Dat is in opfallende oerstap, want VIOD spilet yn de Haadklasse, it heechste amateurnivo. De frouljusploech fan Harkemase Boys spylje op it stuit noch yn de 5e klasse, fiif nivo's leger.

De frouljusôfdieling fan VIOD woe gearwurkje mei Harkemase Boys, mar dat is net slagge. Dêrom hat it frouljusteam en in famkesteam fan VIOD sels it inisjatyf naam om oer te stappen nei de Harkiten.

It haad fan de jeugdoplieding, Jos Miedema, giet mei de froulju mei nei De Harkema. Hy wurdt dêr ferantwurdlik foar it technyske belied fan de frouljusôfdieling.

Streamfersnelling

"Wy hienen al plannen om mei de froulju op in heger nivo te kommen", seit bestjoerslid Piet Zijlstra fan Harkemase Boys. "Mei de komst fan Miedema en de VIOD-froulju komt dat yn in streamfersnelling."

(advertinsje)