Riedsleden hâlde stil protest tsjin útsetting Afgaansk gesin

AZC Burgum © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Riedsleden út Tytsjerksteradiel en Ljouwert hâlde freedtejûn in stil protest tsjin de útsetting fan in Afgaanske famylje út it azc fan Burgum. De famylje fan twa âlders en trije dochters is freedtemoarn ophelle, om werombrocht te wurden nei Afganistan. De riedsleden binne it net iens mei de gong fan saken.
Yn sawol Tytsjerksteradiel as Ljouwert is in pear moanne lyn in moasje oannaam dy't it regear opropt om foarearst gjin minsken út te setten nei Afganistan, omdat it dêr net feilich is. De riedsleden rinne freed yn in stille tocht fan it gemeentehûs yn Burgum nei it sintrum fan it doarp.