Mullumer krijt wurkstraf foar skop tsjin skonk

13 apr 2018 - 16:13

In 26-jierrige Mullumer is fanwege mishanneling feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren. De man moat syn slachtoffer boppedat 800 euro skeafergoeding betelje. De man joech it slachtoffer op 4 juny ferline jier yn Frjentsjer in hurde skop tsjin de skonken.

De Mullumer en in freon waarden bedrige troch in grutte groep jongerein. De man tocht dat it lettere slachtoffer him oanfalle woe, mar dy wie taskôger. Troch de skop hat it slachtoffer noch hieltyd lêst fan syn knibbel.

(advertinsje)