Jong berntsje yn it wetter fûn op 'e Jouwer

13 apr 2018 - 15:50

Oan It Jacht op De Jouwer is freedtemiddei in bern fan 2,5 jier fûn yn it wetter. Buertbewenners fûnen it berntsje en hellen it nei de kant. De helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, waarden oproppen en it berntsje is dêrnei direkt reanimearre. Dêrnei is it slachtofferke nei it sikehûs oerbrocht.

It berntsje soe oan it boartsjen west ha yn de tún. Dêr sit in hek omhinne, mar it bern is dochs yn it wetter fallen. Hoe't dat krekt barre koe en hoe't it no mei it berntsje is, is net dúdlik.

Trefwurden: 
De Jouwer
(advertinsje)