Rjochtsaak sjitpartij by Thialf kin foarearst net fierder

13 apr 2018 - 15:06

It duorret noch trije moanne foardat de rjochtsaak oer de sjitpartij op Clafis-direkteur Bert Jonker plakfine sil. Freed wie yn de rjochtbank yn Ljouwert de rezjysitting. Dúdlik waard dat de saak foarearst net fierder kin. Dit komt om't de fertochte nei de sjitterij nei Spanje flechte is. Dêr is er oanhâlden en útlevere oan Nederlân. Hy wurdt fertocht fan it besykjen ta moard of deaslach.

Sjantaazje

It Iepenbier Ministearje wol him no lykwols ek ferfolgje foar sjantaazje. Dat stiet net yn it útleveringsfersyk oan Spanje en kin net samar taheakke wurde. Dêrom is der no op 'e nij in rjochtshelpfersyk yntsjinne yn Spanje. De offisier fan justysje ferwachtet dat it noch wol trije moanne duorret foardat dêr in reaksje op komt.

Trochferwizing

Yn de tuskentiid stiet it proses net hielendal stil. De saak is trochferwiisd nei de rjochter-kommissaris, sadat dêr alfêst fragen steld wurde kinne nei oanlieding fan ûndersyk fan saakkundigen. Dat soe derfoar soargje moatte, dat as de saak wol ynhâldlik behannele wurdt, it allegear wat flotter giet.

Sjitpartij

Op 7 jannewaris 2017 waard Bert Jonker, direkteur fan Clafis, yn syn hân sjitten op it parkearplak fan Thialf. Op dat stuit waard op It Hearrenfean it EK allround en it EK shorttrack hâlden. Clafis is sponsor fan in reedrydploech. Oer de tadracht fan de sjitpartij ferskille de mieningen. Neffens Jonker waard hy op it parkearplak tsjinhâlden en waard der dêrnei op him sjitten. Neffens de fertochte wie hy lykwols net de persoan mei it fjoerwapen, mar hie Jonker dat. Dat soe by in wrakseling ôfgien wêze. Om de krekte tadracht te achterheljen, hat der yn febrewaris fan dit jier in rekonstruksje west.

Siik

De fertochte sit op it stuit net yn foararrest. Om't hy slim siik is en behannele wurde moat, mei hy de saak thús yn Leiden ôfwachtsje.

(advertinsje)