Freedsmerk Ljouwert: "Oarloch is altyd ferlieze"

Krije we oarloch? Hieltyd mear minsken freegje har dat ôf. Gifgasoanfallen, reade linen dêr't de fijân oerhinne giet, oarlochstaal fan net de meast stabile wrâldlieders... Op de freedsmerk yn Ljouwert makken de measten har noch net sa drok: "It is in machtsspultsje. Wa't in bom goait, krijt der ek ien werom. Dat litte se wol út de holle dus." Oaren binne wat benauder: "Met zo'n Trump aan de knoppen ben ik er niet gerust op."
De gifgasoanfal yn Syrië hat wol in soad minsken lilk makke: "Dat we dat mei ús allen talitte, dat kin dochs net!" Mar oft it dêrom ta in bombardemint komme moat? "Ze moeten het hele zootje, inclusief Poetin, een bom op de kop gooien!", sei immen, mar neffens de oar binne net inkeld de Russen de 'bad guys' yn dit ferhaal. Net elkenien makke him trouwens like drok: "Ach, it sil myn tiid wol duorje..."