Fertochten yn saak deade Hegemer fjirtjin dagen langer fêst
De twa manlju dy't fertocht wurde fan belutsenheid by de dea fan in 56-jierrige man út Heech, bliuwe fjirtjin dagen langer fêstsitten. De fertochten, in 28-jierrige Ljouwerter en in 52-jierrige man fan De Jouwer, wurde fertocht fan moard en ôfparsing.
De man út Heech waard op tiisdei 6 febrewaris yn syn wenning oan de Molefinne fûn.