Plannen foar duorsume wenten oan râne fan De Harkema

Op De Harkema binne plannen foar duorsum, ekologysk en betelber wenjen oan de râne fan it doarp. Mei help fan in enkête wolle de lokale inisjatyfnimmers ûndersykje oft der belangstelling is foar de plannen. It plan is neffens de betinkers bedoeld foar minsken dy't bewust yn in natuerlike en rêstige omjouwing wenje wolle en tefreden binne mei in lytser hûs.
De betinkers fan it plan wolle ek graach witte wat belangstellenden betelje wolle foar de eventuele keap- as hierwenningen. De útkomsten sille dield wurde mei de gemeente Achtkarspelen en de provinsje.