Koatstertille seit 'nee' tsjin alternatyf plan biofergister

13 apr 2018 - 11:15

Pleatslik Belang Koatstertille en wurkgroep BIO NEE binne poer tsjin op it alternative plan foar de biofergister by it doarp. Beide partijen fiele harren misledige troch de gemeente Achtkarspelen en de inisjatyfnimmer.

It nije plan bestiet út in fergister en in biomassasintrale op de Westkern 10 by it doarp. Earder wiene der al beswieren tsjin de plannen foar in fergister tichteby it doarp.

Neffens de wurkgroep fan Doarpsbelang kinne de nije plannen noch twa kear sa slim útpakke as de eardere plannen. De Tilsters binne lilk dat harren neat frege is. De gemeenteried sil kommende tongersdei te set oer de plannen.

(advertinsje)