Drinkende snorfytser (19) moat rydbewiis opnij ynleverje

13 apr 2018 - 10:49

In 19-jierrige snorfytser út Ljouwert is tongersdeitemiddei opnij betrape op it drinken fan alkohol ûnder it riden. In motorplysje seach de snorfytser in blikje bier drinken en sette him op de Voorstreek oan de kant. Nei in blaastest die bliken dat de man fierstente folle dronken hie. Ut in drugstest ûntstie boppedat it fermoeden dat er ek ûnder ynfloed wie fan THC.

De Ljouwerter moast syn rydbewiis ynleverje en is oanmeld foar in kursus oer ferkearsgedrach. De begjinnend bestjoerder hie syn rydbewiis krekt in moanne werom, nei't it earder ynnaam wie fanwege alkoholgebrûk ûnder it riden.

Trefwurden: 
alkohol rydbewiis kwyt plysje
(advertinsje)