Fertochte fan oanslach op Clafis-baas foar de rjochter

13 apr 2018 - 10:42

De 57-jierrige man dy't fertocht wurdt fan it besykjen ta moard op Bert Jonker stiet freed foar de rjochter. Ferline jier jannewaris waard de baas fan Clafis op it parkearplak fan Thialf yn syn hân sketten.

De fertochte en Jonker hiene in saaklik konflikt. Jonker soe syn bedriuw oernimme, mar dat gie net troch. Koart dêrnei gie it bedriuw fan de fertochte fallyt. Dêrnei hat er twa jier lang besocht Jonker te sjantearjen.

Neffens de fertochte hat er gjin oanslach op it libben fan Jonker plege, mar hie de Clafis-baas sels in wapen en is dat by in wrakseling ôfgien. De saak wurdt freed noch net ynhâldlik behannele.

Yn Spanje oppakt

Nei de oanslach op 7 jannewaris flechte de fertochte nei Spanje. Dêr waard er yn de buert fan Barcelona oanhâlden. Hy sit op it stuit net mear fêst omdat er slim siik is en behannele wurdt oan kanker. Hy stiet ûnder elektroanysk tafersjoch, hat in kontaktferbod en mei net yn Fryslân komme.

Trefwurden: 
sjitpartij Bert Jonker Thialf
(advertinsje)