Kollum: "Nivo"

"It filmke dêr't Marjanne Zwagerman yn seit dat we noait mear 'laag opgeleid' sizze meie, ha ik ek dield op Facebook want ik tink der krekt sa oer. Ik ha alris in kollum skreaun oer it ûnderwiis fan de saneamde legere opliedings en hoe leech dat nivo eins is. Dat hat neat mei de bern te krijen, mar alles mei de manier fan lesjaan en it oanbod. En fansels is de iene skoalle de oare net, mar der binne spitigernôch hiele minne by.
It filmke giet oer it feit dat minsken dy't mei de hannen wurkje en in praktysk fak leare, faak sjoen wurde as lju dy't leger oplieden binne. En frou Zwagerman fynt dat flauwekul want ek minsken dy't praktysk wurk dogge, moatte in soad witte want je binne net samar automonteur of elektrisien. Dochs binne sokke minsken der hieltyd minder en dat is ferrekte spitich. Goede fakminsken stjerre út, se binne bytiden amper mear te finen en it vmbo hat de bern te min te bieden.
No hawwe wy it gelok dat we yn in omjouwing ferkeare mei oare ûndernimmers en yn ús doarp is ek noch wol aardich wat bedriuwichheid. Dat is moai foar de jeugd omdat se dan sjen kinne dat der wurke wurdt en yn 'e fakânsjes kinne se hjir en dêr wat byfertsjinje. Mar yn hoefolle doarpen is it net útstoarn? Boeren ferdwine en bedriuwen moatte nei in spesjaal terrein.
Lokkich binne der genôch âlden dy't de talinten fan harren bern op wearde ynskatte kinne . Mar der binne ek âlden dy't it leafste wolle dat it neiteam dochs minimaal it hbo docht want mei minder telle je net mei. Fan dy 'luizenmoeder' âlden dy't mar al te graach ferkundige dat de bern heech bejeftige binne. En dêr is op himsels hielendal neat mis mei, útsein dat der sa út en troch dus wol op oaren delsjoen wurdt.
Nivo en status ... dêr giet it om. En yn de eagen fan guon minsken ha je dat net as je by thússoarch wurkje of boufakker binne. Faak wurdt soks dan ek noch tsjin de eigen bern sein sadat dy ek al betiid mei eachkleppen op troch it libben gean. Sokken prate leaver ek net mei minsken dy't se minder achtsje en ik begryp dat net want we hawwe elkoar allegear nedich.
Dan tink ik ek wer efkes oan de kollum dy't ik ris lêzen ha fan immen dy't har sels te goed fûn om de einen bôle te jaan mei har bern want dêr hie se net foar studearre. In pear wiken letter siet se yn in oare kollum te janken omdat har oppas, har stipe en taflecht oar wurk fûn hie. Ik moast der eins wol om gnize want lju dy't 'hegerop' wolle yn it libben, hawwe faak wer oaren nedich om de húshâlding yn goede banen te lieden.
En je kinne je miskien wol oeral te goed foar fiele, mar as je dan in kear fersoarging nedich ha omdat je siik binne of in ûngemak hân ha, dan is der neat weardefoller as in leave en fakkundige meiwurker út de soarch. En as it jacht sinkt, dan is it ferrekte handich dat in betûfte izerwurker it gat wer efkes tichtlasket. Sa binne we allegear de haadpersoan in ús eigen libben en sa soene we eins ek nei elkoar sjen moatte. Nimmen is gelyk, mar we binne wol lykweardich.
Lokkich hiene ús heit en mem net sok ôfwaaid praat. Ik kin my noch wol heuge dat we it in kear oer nivo hiene en doe sei ús heit: 'Der is gjin better nivo as gjin nivo.'"