Flaterfrij bombardemint fan Ljouwerter F-16's by IS-striid

In F-16 © ANP
Nederlânske piloaten fan F-16's, wêrûnder dy fan de Ljouwerter fleanbasis, hawwe tusken 2014 en 2016 gjin missers makke by harren misjes yn Irak en Syrië. Dat stiet neffens it AD yn in brief dy't minister Ank Bijleveld fan Definsje oan de Twadde Keamer stjoerd hat.
De piloaten smieten mear as 2.000 bommen yn de striid tsjin IS en binne dêrby net ien kear oer de skreef gien. It Iepenbier Ministearje (IM) hat fjouwer gefallen ûndersocht wêrby't twivels wiene oft de piloaten wol de goede besluten naam hiene. Dêrby soe in ûnbekend oantal boargerslachtoffers fallen wêze.
Omdat it ynsetten fan wapens yn alle gefallen legitym wie, sjocht it IM gjin reden foar strafrjochtlik ûndersyk.