Twivel yn Weststellingwerf oer SDW as koälysjepartner

De kâns bestiet dat Weststellingwerf in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders krijt sûnder de sosjaaldemokratyske SDW, de grutste partij yn dy gemeente. By ferskate oare partijen yn de ried, lykas it CDA, bestiet twivel oer de SDW as koälysjepartner. Dat die bliken út it ferslach dat ynformateur Roelof Theun Hoen fan de VVD tongersdei presintearre oan de ried fan Weststellingwerf. Hoen die it foarstel om VVD en CDA de opdracht te jaan om in nij kolleezje te foarmjen. Dy twa partijen sille fan moandei ôf prate mei oare partijen dy't VVD en CDA oan in mearderheid helpe moatte. VVD en CDA sille ek mei de SDW prate, mar ek mei mooglike oare kolleezjepartners, lykas Weststellingwerfs Belang en D66.
Beswieren mei foarstel SDW
VVD en CDA lieten tongersdei wol witte dat se grutte beswieren hawwe mei it SDW-foarstel om de noarm foar bysûndere bystân te ferheegjen nei 130% fan it minimum. It CDA liet sels witte dat dit punt foar harren in brekpunt is. Ek wolle VVD en CDA wurkje oan in nije bestjoerskultuer yn Weststellingwerf. Dy gemeente moat tenei minder bepalend en regissearjend optrede, mar mear 'fasilitearjend'. Benammen it CDA betwivelet oft sa'n kultueromslach wol mooglik is mei de SDW. De SDW is ûntstien as in gearwurkingsferbân fan trije progressive partijen, wêrûnder de PvdA.
Draachflak
Wurdfierder Cor Trompetter fan de SDW fynt dat syn partij as de grutste gewoan thúsheart yn it nije kolleezje fan B en W. In nij kolleezje mei de grutste trije partijen SDW, VVD en CDA hat it measte draachflak en is neffens Trompetter ek it bêste yn steat om de winske feroaringen troch te fieren.