Grutte 3D-animaasje fan Halve Maen yn Harns

Yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike is der freedtejûn yn Harns in grutte 3D-animaasje te sjen fan it skip Halve Maen. In skaalmodel is it hiele jier yn it Westfries Museum yn Hoorn te sjen, mar dat is in brûklien út it Hannemahûs. Foar de Nasjonale Museumwike komt de Halve Maen foar ien kear werom nei Harns. Op de generale repetysje tongersdeitejûn koenen minsken al in goed byld krije fan wat der aans te sjen is.