Schreiersbrêge tydlik wer iepen foar fytsers en kuierders

De Schreiersbrêge yn Dokkum © Google Street View
De Schreiersbrêge by Dokkum giet tydlik wer iepen foar fytsers en kuierders. Der komt in 30-kilometersône en drompels yn de dyk. Dat hat wethâlder Pytsje de Graaf tongersdeitejûn sein yn de riedskommisje Omkriten. De brêge is yn 2017 ôfsletten foar fytsers en kuierders omdat de paralleldyk troch de komst fan de Sintrale As te drok wurde soe. It soe foar de fytsers en kuierders net feilich mear wêze.
Uteinlik soe ein nije brêge oer it Dokkumer Grootdiep derfoar soargje moatte dat de kuierders en fytsers dochs oan de oare kant komme koenen. De komst fan dy brêge duorret lykwols langer as yn 't foar tocht waard. En dêrom is de Schreiersbrêge no wer tydlik te brûken.