Aris komt min tredde kwart yn Leiden net mear te boppe

© www.orange-pictures.nl
De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn net foar in stunt soargje kind yn Leiden. De Ljouwerters ferlearen mei 72-59.
Goed twadde kwart
Nei it earste kwart yn de Vijf Meihal seach Aris al tsjin in grutte efterstân oan. It wie 26-11 foar Leiden. Dêrnei kamen de manlju fan Tony Van den Bosch goed werom, wêrtroch't it by it skoft 40-34 wie.
32%
Yn de twadde helte rûn Leiden alwer gau út nei in gruttere foarsprong. It tredde kwart gie mei 19-12 nei de thúsploech. It wie net sa dat Aris gjin kânsen hie om yn de wedstriid te bliuwen, mar de Ljouwerters misten te folle skotten. Mar 32% wie raak.
Emile Blackman wie topskoarer by de Ljouwerters. De guard hie 22 punten en pakte dêrneist ek nochris acht rebounds.
Play-offs
Troch it ferlies bliuwt Aris op it sechsde plak stean, mei likefolle punten as Apollo Amsterdam. Beide ploegen ha noch trije wedstriden te spyljen. De nûmers 1 oant en mei 6 fan de Dutch Basketball League pleatse harren foar de play-offs.