Kninen reprodusearje net genôch op Skiermûntseach

Kninen op Skiermûntseach produsearje net genôch lytse kninen en dêrom wol behearder Natuurmonumenten harren dêrby helpe. Sy wolle de bistjes fange mei help fan in fret. De kninen wurde dan byinoar setten om dermei te fokken. Dat liket ienfâldich, mar dat is it net.
De kninen kinne ek net samar wer loslitten wurde, want dan binne se hiel kwetsber foar katten en rôffûgels. Op it Waadeilân is al jierren in tekoart oan kninen. Se binne wichtich om it lânskip iepen te hâlden en yn de hoalen meie graach fûgels briede, lykas de heidehipper en de berchein.
As de kninen fongen binne, kinne sy ek yninte wurde tsjin sykten en wurdt der genetysk ûndersyk dien. Studinten binne no al twa wiken dwaande om út te finen hoefolle kninen oft op Skiermûntseach libje. Kninen ymportearje fan de fêste wâl is hiel yngewikkeld en dêrom gjin opsje.