PvdA yn De Fryske Marren net te sprekken oer kar foar VVD

12 apr 2018 - 21:23

Wietze de Haan fan de PvdA yn De Fryske Marren is net goed te sprekken oer de kar fan de CDA en de FNP om mei de VVD om tafel te gean foar in nij kolleezje. Neffens him betsjut it "in fierdere ferrjochtsing" fan it deistich bestjoer. En dat wylst de linkse partijen it by de ôfrûne ferkiezings goed dien ha. Tongersdeitejûn hat ynformateur Sander de Rouwe syn advys oan de gemeenteried presintearre.

(advertinsje)