Trije lannen lûke fleantugen werom fan Frisian Flag

12 apr 2018 - 20:44

De tankfleantugen fan trije lannen ûnderstypje de militêre oefening Frisian Flag net mear. Dat skriuwt it Reformatorisch Dagblad. Feriene Steaten, Frankryk en Italië lûke harren tankfleantugen werom.

Dat dogge se fanwege de sitewaasje yn Syrië. Se stjoere materiaal nei dy regio om klear te wêzen foar in eventuele eskalaasje fan it konflikt dêr. Presidint Trump fan de Feriene Steaten drige al mei militêr yngripen nei in gifgasoanfal op de Syryske stêd Douma. Dêrby foelen op syn minst santich deaden.

De tankfeantugen hienen in eigen oefening fan it fleanfjild fan Eindhoven ôf. Dêrwei soenen se de tastellen dy't meidogge oan Frisian Flag yn de loft bytanke. It weromlûken hat kwealik konsekwinsjes foar Frisian Flag, seit de loftmacht. Der binne noch wol twa oare tankfleantugen.

(advertinsje)