Wurkstraf easke tsjin frachtweinsjauffeur ûngelok De Jouwer

12 apr 2018 - 20:31

Tsjin in 28-jierige frachtweinsjauffeur út Roelofarendsveen is tongersdei yn Ljouwert 240 oeren wurkstraf easke foar it feroarsaakjen fan in deadlik ferkearsûngelok by De Jouwer. Fierder wol de offisier fan justysje dat de man in jier lang net ride mei, wêrfan de helte ûnder betingst.

De sjauffeur ried yn septimber 2016 achterop in rige auto's dy't foar it âlde ferkearsplein oan it wachtsjen wie. Dêrby kaam in 51-jierige ynwenner fan Zaandam om it libben. De sjauffeur koe him der neat mear fan heuge, mar sei direkt nei it ûngelok dat hy mei it navigaasjesysteem dwaande wie. Op 26 april docht de Ljouwerter rjochtbank útspraak.

(advertinsje)