CDA en FNP wolle yn Tytsjerksteradiel mei ChristenUnie

It CDA en de FNP besykje yn Tytsjerksteradiel in kolleezje te foarmjen sûnder de PvdA dêr't sy de ôfrûne acht jier mei it kolleezje sieten.
Yn stee fan de PvdA kieze de twa partijen no foar de ChristenUnie. De PvdA hat ien sit ferlern en sit no noch mei trije sitten yn de ried. De ChristenUnie hat de twa sitten behâlden en is de op ien nei lytste partij.
Grutte ynhâldlike feroaringen yn it belied binne net te ferwachtsjen, seit ynformateur Gjalt Benedictus. GrienLinks en de VVD ha ek yn byld west om as tredde partij oan te skowen yn de ûnderhannelingen, mar de ChristenUnie wie foar sawol it CDA as de FNP in akseptabele kar.