Selstraf easke tsjin orkestlid fanwege seksueel misbrûk

12 apr 2018 - 19:53

In orkestlid fan Opera Spanga wurdt fertocht fan it seksueel misbrûken fan in minderjierrige meiwurkster yn de simmer fan 2016. De offisier fan justysje easke tongersdei in finzenisstraf fan in jier tsjin him én seis moanne ûnder betingst.

Op de lêste jûn fan in opera soe de man it doe 16-jierrige famke dronken fierd hawwe. De fertochte brocht har dêrnei nei har caravan, wêr't er har misbrûkt hawwe soe.

Der is gjin sperma fûn, mar wol DNA fan de fertochte. Hy ûntkent it seksueel misbrûk.

De rjochtbank docht op 26 april útspraak.

(advertinsje)