Crone: "De Friesland moat autonoom wurkjen bliuwe"

Soarchfersekerder De Friesland moat in autonoom wurkjend bedriuw bliuwe dat út Ljouwert wei de soarch yn Fryslân sa goed mooglik organisearret. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert as reaksje op it nijs dat direkteur Bert van der Hoek yn oktober fuortgiet by De Friesland. De Friesland fusearre op 1 april mei Zilveren Kruis. Beide soarchfersekerders binne ûnderdiel fan it Achmeaconcern.
It fuortgean fan topman Van der Hoek mei der fral net ta liede dat De Friesland no in filiaal wurdt, dat net mear selsstannich besluten nimme kin, seit boargemaster Crone. De boargemaster sil hjir meikoarten oer prate mei de direksje fan Achmea.
80 persint fan de Friezen
De boargemaster wiist derop dat sa'n 80 persint fan de minsken yn Fryslân fersekere binne by De Friesland of by Zilveren Kruis. Dat jout de fersekerder in grutte ferantwurdlikheid en rjochtfeardiget ek in autonome posysje, sa seit de boargemaster.
By De Friesland binne de ôfrûne jierren ôfspraken makke oer ynvestearrings yn soarchprevinsje, bygelyks yn de foarm fan mear gymnastyk op skoalle. Crone fynt it belangryk om dy ôfspraken troch te lûken nei de takomst. It moat net sa wêze dat De Friesland yn 'e takomst sokke ôfspraken net mear meitsje kin fanwege de fúzje mei Zilveren Kruis.
Soargen
De ûndernimmingsried fan De Friesland besocht earder om de fúzje mei Zilveren Kruis tsjin te hâlden troch in proseduere by de ûndernimmingskeamer yn Amsterdam. De meiwurkers makken har doe soargen oer it ferlies fan banen en selsstannichheid.