"In prachtich feest, mar we libje by de dei..."

Foar Marcel Timmerman en José Rozema fan Drachten wie it in wichtige dei: se binne tongersdei troud! It soe in grutte trouwerij wurde mei alles derop en deroan yn it gemeentehûs fan Drachten en dêrnei noch in fantastysk feest yn it Sportcafé. Mar it rûn oars.
Marcel waard siik. Slim siik. Sa slim sels dat er net mear better wurde sil. Mar de trouwerij ôfsizze, dat woene se perfoarst net. Mei help fan ferpleechkundigen en oare meiwurkers fan Nij Smellinghe waard in romte yn it sikehûs omboud ta trouseal, kompleet mei slingers en catering foar de hûndert gasten. Boppedat kaam de trou-amtner fan Smellingerlân spesjaal foar Marcel en José nei it sikehûs. Sa koe de trouwerij dochs trochgean mei freonen en famylje, wêrûnder Roos en Fleur, de beide dochters fan Marcel.
In soad gasten wiene wat fertwivele oft se it pear no wol lokwinskje koene, sjoen de sitewaasje. "Jawis, dat kin seker!", seit José, "want ik trou hjoed mei de leafde fan myn libben!" Ek Marcel striele: "Het is een prachtig feest zo, met iedereen erbij, maar we leven van dag tot dag."
Nij Smellinghe wurke graach mei oan dizze trouseremoanje yn harren sikehûs. "It is in moai foarbyld dat de pasjint by ús bepalend is foar ús hanneljen", sa liet it sikehûs witte.