Wurkstraf easke foar oplichterij fia Marktplaats

© ANP XTRA
Tsjin in man út Donkerbroek is in wurkstraf easke fan 240 oeren foar oplichterij fan hast njoggentich minsken fia Marktplaats. De man bea guod oan op ynternet, mar levere it net oan de minsken dy't it kochten. De man seit sels dat it sa maklik gie, dat er der hast 'overmoedig' fan waard. De oplichterij kaam oan it ljocht nei meardere meldingen by it Landelijk Meldpunt Internetoplichting. Njonken de wurkstraf fynt justysje dat de man ek alles werombetelje moat. It giet om tûzenen euro's.
Justysje easket ek noch seis moanne ûnder betingst. "Eigenlijk is een gevangenisstraf op zijn plaats, maar het gaat al jaren heel goed met de man", ljochte de offisier syn strafeask ta. "Hij heeft werk, een relatie en een kind en zijn proceshouding was positief." De man hat alles bekend en hat spyt fan syn dieden.