Burgumer stalker moat in jier de finzenis yn

12 apr 2018 - 17:16

In man út Burgum moat in jier de finzenis yn omdat er syn eks-frou trije jier stalkt hat. Hy soe der net mei omgean kinne dat se út elkoar binne. De man hat ek in âld-kollega en in meiwurker fan de reklassearring stalkt.

Neffens justysje hat de fertochte noch folle mear âld-kollega's en famylje fan syn eks-frou lestich fallen. Mar dy minsken ha net formeel in klacht yntsjinne en dêrom koe de rjochtbank der neat mei

Njonken de selstraf hat de fertochte ek noch in proeftiid fan trije jier krigen. Hy mei yn dy tiid gjin kontakt sykje mei syn eks-frou.

Trefwurden: 
stalker Burgum
(advertinsje)