Telefoanysk boeken by Jobinder aans fergees

It telefoanysk boeken fan in rit by Jobinder is fan maaie ôf fergees. Jobinder is it wmo- en learlingeferfierssysteem yn Noardeast-Fryslân. Oant no ta moast in starttaryf betelje, fiif sinten de minút en de gebrûklike belkosten.
Provinsjale Steaten ha sein dat sy fine dat it fergees moat en dat gebeurt no dus. Minsken dy't gebrûk meitsje fan Jobinder kinne mei weromwurkjende krêft belkosten kompensearre krije.