"Efterstân yn bou komt net troch tekoart oan heipeallen"

12 apr 2018 - 17:04

Eventuele efterstannen yn de bou binne net it gefolch fan in tekoart oan heipeallen. Dat seit direkteur Wim Comello fan Haitsma Beton yn Koatstertille yn reaksje op lûden út de bou dat heipeallen en oare materialen min te krijen binne. Neffens Comello is it wol drok, mar mei in goede planning en ynset kin it bedriuw de oarders goed neikomme.

Wol sjocht hy dat de kostpriis omheech rint, omdat de grûnstoffen djoerder wurde. Ek is der min oan fakminsken te kommen. Dat jildt foar de hiele bousektor. Haitsma hat foar it earst in ploechje Roemenen oan it wurk. Comello tinkt dat it tekoart oan personiel de kommende jierren de grutste útdaging foar de sektor foarmet.

Trefwurden: 
heipeallen Haitsma Beton
(advertinsje)