Nederlânske fuotbalfroulju nei It Hearrenfean

12 apr 2018 - 16:41

De Nederlânske fuotbalfroulju spylje op 12 juny in WK-kwalifikaasjewedstriid yn it Abe Lenstra Stadion. Slowakije is de tsjinstanner. It is foar it earst dat de Oranje Liuwinnen op It Hearrenfean spylje.

WK yn Frankryk

De ploech, mei Sherida Spitse fan Snits as oanfierder, spilet noch trije WK-kwalifikaasjewedstriden. Nederlân moat as earste einigje yn in pûl fan fiif lannen om har streekrjocht te kwalifisearjen foar it WK 2019 yn Frankryk. Nei fiif wedstriden steane de Oranje Liuwinnen op it earste plak.

Noch trije wedstriden

Neist de thúswedstriid tsjin Slowakije spilet Nederlân noch út tsjin Noard-Ierlân en Noarwegen. Dat lêste lân liket de grutste konkurrint as it giet om de earste plak yn 'e pûl.

Rekôr

Ferline wike wienen der yn Eindhoven noch mear as 30.000 taskôgers by in wedstriid fan de Nederlânske fuotbalfroulju. Dat wie in rekôr.

Trefwurden: 
Oranje fuotbal Sherida Spitse
(advertinsje)