Krachtwizer moat kwetsbere jongeren selsredsumer meitsje

It digitale programma Krachtenwijzer © Reik
Jongeren mei in licht ferstanlike beheining kinne tenei makliker oanjaan wat se wol en net sels kinne. Dêr is de Krachtenwijzer foar ûntwikkele. Dat is in digitaal programma dêr't yn byhâlden wurdt, wêr't de jongeren har sels mei rêde kinne en wêr net mei. De krachtwizer is opset troch Reik yn Ljouwert, in organisaasje dy't kwetsbere jongeren mei in licht ferstanlike beheining begeliedt.
De âlden en begelieders kinne by it programma, mar de jongeren sels ek. Sa binne se ek mear eigen baas oer harren libben. Mei de Krachtenwijzer moat it makliker wurde om ien behannelplan op te stellen foar de jongere sels en syn of har famylje. Op dy wize kin de begelieding ferbettere wurde.