Dronrypsters stappe nei Ried fan Steat tsjin bedriuwsterrein

12 apr 2018 - 16:11

Twa ynwenners fan Dronryp ha de Ried fan Steat ynskeakele om foar te kommen dat it bedriuwsterrein by har foar de doar útwreidet. Se sizze dat de eardere gemeente Menameradiel de útwreidingsplannen der noch even hurd trochdrukt hat, foardat dy opgie yn Waadhoeke.

De útwreiding bestiet út lyts en in grutter part dat ferbûn wurdt mei in nije dyk. De twa Dronrypsters hiene meiprate wollen oer it ûntwerp, mar dat is net gebeurd. De Ried fan Steat docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Dronryp Raad van State
(advertinsje)