Fraksjefoarsitter Willem de Boer út Smallingerlands Belang

It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Fraksjefoarsitter Willem de Boer stapt út de fraksje fan Smallingerlands Belang yn de gemeenteried fan Smellingerlân. Reden foar dat beslút is de wurkwize binnen de partij, seit De Boer sels. Wat er der krekt mei bedoelt, wol er fierder net taljochtsje.
De Boer fynt it wol spitich dat it sa rint, sa flak nei de gemeenteriedsferkiezingen. By dy ferkiezingen wie De Boer noch listlûker fan de partij.
Hy jout syn sit net werom oan de partij, omdat er it fertrouwen fan de minsken dy't op him stimd ha net skeine wol.