Drachtster frijsprutsen fan poging ta swiere mishanneling

12 apr 2018 - 15:35

In man út Drachten dy't in oare man mei in wodkaflesse op de holle slein hat, is frijsprutsen fan poging ta swiere mishanneling. Neffens de rjochter moast de man wol slaan om himsels te ferdigenjen.

It slachtoffer kaam mei in tafelpoat by de fertochte oan de doar om ferhaal te heljen. Syn freondinne soe al in skoft in relaasje mei de Drachtster hân ha. Omdat de Drachtster him bedrige fielde, sloech er mei de flesse. Op grûn fan ferklearringen fan tsjûgen gie de rjochter mei yn dat ferhaal. Se fûn dat de fertochte gjin oare kar hie.

Trefwurden: 
Drachten mishanneling
(advertinsje)