Kamerabylden brânstichting moskee Drachten online set

12 apr 2018 - 15:16

De plysje hat kamerabylden online set fan de brânstichting by de moskee oan de Langewyk yn Drachten, yn de nacht fan 9 op 10 febrewaris. De plysje is noch altyd op syk nei de dieder en hopet sa tips binnen te krijen. Op de bylden is in persoan te sjen dy't mei in brânbere floeistof oan de gong is. De persoan stekt de floeistof oan en naait dan út. Op it plak fan de brân hat de plysje in swart learen mof fûn.

Minsken dy't ynformaasje ha oer de brânstichting kinne har melde by de plysje.

(advertinsje)