Heather Bergsma set redens kommende twa jier yn it fet

12 apr 2018 - 14:32

Reedrydster Heather Bergsma nimt in pauze fan twa jier. Dat meldt de NOS. Bergsma wol mei har man, reedrider Jorrit Bergsma, in famylje begjinne en Nederlânsk leare.

De 29-jierrige Bergsma helle by de lêste Winterspelen yn Súd-Koreä brûns mei de Amerikaanske efterfolgingsploech en pakte yn 2013 de wrâldtitel op de sprint. Se is noch hieltyd wrâldrekôrhâldster op de 1500 meter.

De reedrydster slút net út dat se oer twa jier weromkomt op de iisbaan.

Trefwurden: 
Heather Bergsma reedriden
(advertinsje)