FIDEO: Achter de skermen by Frisian Flag

De spanning yn de wrâld nimt ta: Syrië is ien grut striidtoaniel, Ruslân en de Feriene Steaten steane rjocht tsjinoer inoar. De oarlochstaal fljocht ús om de earen. Yn seker sin jout it de needsaak oan fan de oefeningen sa't dy no hâlden wurde op de fleanbasis yn Ljouwert.
Frisian Flag, in yngewikkelde oefening oer meardere dagen mei mear as santich fleantugen, en tûzen man ekstra personiel. In bysûndere operaasje dêr't Omrop Fryslân by hege útsûndering achter de skermen sjen mocht. It resultaat dêrfan sjogge jo yn ús reportaazje.