Bulthuis: "Ik ben klaar voor het echte werk"

12 apr 2018 - 14:20

"Ik ben klaar voor het grote werk." Dat seit Dave Bulthuis. De Hearrenfean-ferdigener is sûnt trije wiken wer werom fan in blessuere en fynt dat hy no wol wer ta is oan in basisplak. Of dat der yn sit, wit hy net. "Dat is uiteraard aan de trainer. Ik heb nu nog geen idee, we zijn gisteren ook vrij geweest en gaan later trainen op het veld."

Bulthuis is syn basisplak kwytrekke oan Lucas Woudenberg op de linksbackposysje. "Het is vijf jaar geleden dat ik op de linksbackpositie heb gespeeld. Bij FC Utrecht was dat", fertelt Woudenberg. "Mijn voorkeur gaat uit naar centraal achterin. Dat weten ze bij Heerenveen ook. Linksback kan ook, maar centraal is wel mijn favoriet. Het is wel even wennen links achterin."

Bruijn wer basisspiler

Jordy Bruijn sil nei ferwachting sneon yn de wedstriid tsjin VVV-Venlo wer yn de basis begjinne. Ferline wike makke er syn debút yn de basis. Bruijn spilet op it plak fan de blessearre Stijn Schaars. "Dit voelt als een kans die ik moet pakken. Ik ben tevreden over mijn wedstrijd tegen Groningen. Mijn contract loopt hierna nog een seizoen met nog een optie. Ik wil nu laten zien dat ik belangrijk kan zijn." Bruijn kaam yn 2016 oer fan Jong Ajax. "Ik ben een echte Amsterdammer. En ja, ook een Ajax-supporter. Ik heb het hier goed naar mijn zin. Heerenveen is lekker rustig. Dat is soms wel even wennen. Mijn vriendin woont in hartje centrum Amsterdam. Dat bruisende mis ik wel eens."

Hearrenfean spilet sneontejûn om 19.45 oere yn Venlo tsjin nûmer 12 VVV-Venlo. Dy wedstriid wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân Radio. Hearrenfean moat by de earste acht einigje om de play-offs te heljen.

Stân

6 PEC Zwolle 30-43
7 Vitesse 30-42
8 Hearrenfean 30-40
-----------------------------------------
9 ADO Den Haag 30-40
10 Excelsior 30-38

Skema Hearrenfean

VVV-Venlo - Hearrenfean

Hearrenfean - ADO Den Haag

NAC Breda - Hearrenfean

Hearrenfean - Feyenoord

(advertinsje)