Nei 70 jier noch altyd lokkich mei inoar...

12 apr 2018 - 13:56

De Ljouwerters Joop en Coby Adema binne tongersdei 70 jier troud. En dan bart der wat: in soad besite fansels, in blomstik fan de kommissaris fan de Kening, en boargemaster Crone dy't heechstpersoanlik op 'e kofje komt.

It is allegearre drokte dy't se rêstich op har ôf komme lieten. Want se binne bliid mei-inoar en fertelle graach oer harren libben. Oer de ferkearing yn oarlochstiid, it wurk yn de fleisgruthannel, de handicapte dochter, de oare bern en de bernsbern. Mar sintraal stiet wol dat se nei al dy jierren noch altyd wiis mei-inoar binne.

In striid

Oan it houlik yn 1948 gie noch in ferkearingsperioade fan sân jier foarôf. Dat wie in drege tiid wêryn't Joop ûnderdûke moast en eins alles ûnwis wie. No binne der sân bern, tsien bernsbern, en seis oerpake en -beppesizzers.

Ien fan de bern hat in ferstanlike beheining en dat hat it libben fan de Adema's foar in grut part bepaald. Se waarden regionaal en lanlik aktyf om foar de belangen fan dizze groep op te kommen. Yn Fryslân wie yn de jierren '50 eins neat oan foarsjennings en sa kaam it dat har dochter by Nijmegen yn in ynstelling wenje moast. Wat se eins noch it slimste fûnen, wie dat de sizzenskip oer har yn dy tiid ek nei de ynstelling gie.

"Ik bepaal zelf"

De Adema's hawwe der mei foar soarge dat dit allegearre feroare is en âlden no gewoan de sizzenskip hâlde. Dy mentaliteit sit der trouwens noch altyd yn: sûnt koart wenje se yn Erasmus yn Ljouwert en hearre regelmjittich: "Dit kan zo niet hoor, weet u wel hoe oud u bent?'. "Daar moeten ze mee ophouden, ik bepaal zelf wat en hoe ik het wil', sa liet in selsbewuste Coby Adema witte....

(advertinsje)