Yn in ANWB-peal prate oer de takomst fan Fryslân

Wat fine ynwenners belangryk yn harren omjouwing? Hoe wurdt der nei de takomst fan harren doarp of stêd sjoen? Omgevingslab Fryslân besiket dêr efter te kommen en hat dêrom de 'Dag van de Friese Steden en Dorpen' organisearre.
Yn it inisjatyf kinne belangstellenden yn in ANWB-praatpeal dúdlik meitsje hoe't se nei de takomst fan harren stêden en doarpen sjogge. De peal stiet ûnder oaren yn Ljouwert, Damwâld, Boalsert, Easterwâlde en Drachten.
Ynspiraasje foar provinsje
De Omgevingslabs binne in inisjatyf fan de gearwurkjende Fryske oerheden. Tema's dy nei foaren komme by de praatpeal binne: it Fryske Plattelân, Stêden & Doarpen, Wetter, Enerzjy en Modern Bestjoer. De resultaten fan de labs foarmje boustiennen foar de omjouwingsfyzjes dy de gemeenten en provinsje opstelle foar harren eigen grûngebiet. Mear ynfo is te finen op http://omgevingslab.frl/