Cambuurtrainer Hake gunt Van Kippersluis basisplak

12 apr 2018 - 13:18

Kevin van Kippersluis mei freed op 'e nij yn de basis begjinne by SC Cambuur. De oanfaller liet him de lêste twa wedstriden goed sjen mei trije goals en ien assist, wêrtroch't trainer René Hake yn it duel mei FC Dordrecht net om him hinne kin. It is noch net dúdlik oft Martijn Barto yn de basis begjint. Hy gie ferline wike troch syn rêch en miste de ôfrûne twa wedstriden. Woansdei en tongersdei hat Barto wer mei de groep meitraind.

"Hij is fit genoeg om in de basis te beginnen", seit Hake oer Barto. "Maar ik weet nog niet of hij gaat beginnen." It meispyljen fan Ricardo Kip, dy't ferline wike tsjin FC Den Bosch blessearre útfoel, is noch net wis. "Hij heeft aangepast getraind. We gaan nog beoordelen of hij beschikbaar is."

Kânsen

Tsjinstanner Dordrecht waard winner fan de tredde perioade, mar dy ploech hat it de lêste wiken dreech. Trije fan de fjouwer wedstriden waarden ferlern en de ôfrûne twa duels krige Dordrecht leafst tsien tsjindoelpunten. "Daar liggen voor ons kansen. Maar we moeten vooral naar onszelf kijken. We moeten de goede lijn door trekken", fertelt Hake, dy't wol warskôget foar de oanfallers fan Dordrecht. "Daarin hebben ze een aantal jongens met kwaliteit, zoals Hamer, Mahmudov en Mutzers."

(advertinsje)