Jelsum kin wer lekker sliepe

12 apr 2018 - 12:54

De bewenners fan de sjongende dyk by Jelsum kinne wer lekker sliepe, mar dochs binne se net hielendal bliid. Want se wurde op sosjale media foar fan alles en noch wat útmakke. Se soene krimmenearders en jittikmigers wêze dy't in moai projekt fan 80.000 euro fergriemd hawwe.

De bewenners lûke har der net al te folle fan oan. Sy fine it noch altyd in moai inisjatyf, mar dan wol op in plak dêr't gjin minsken wenje.

Trefwurden: 
Muzykdyk sjongende dyk Jelsum
(advertinsje)