UPDATE: Treinen ride wer nei deadlike oanriding Hurdegaryp

12 apr 2018 - 15:35

It treinferkear tusken Ljouwert en Grins is wer op gong brocht. Troch in deadlike oanriding mei in persoan by it stasjon yn Hurdegaryp lei it treinferkear tongersdei yn beide rjochtingen fan ûngefear 11 oere moarns oant healwei de middeis stil.

Ferfierder Arriva hat bussen ynset om reizgers te ferfieren. Reizgers dy't al yn de trein sieten, waarden nei it hotel yn Hurdegaryp brocht en fan dêr út fierder brocht.

Neffens de plysje giet it om in gefal fan selsdeading.

Trefwurden: 
Hurdegaryp trein ûngelok
(advertinsje)