Plannen foar útwreiding winkels yn Akkrum

12 apr 2018 - 11:53

De gemeente Hearrenfean sil mei ûndernimmers, omwenners en pleatslik belang yn Akkrum sjen nei de útwreiding fan guon winkels yn it sintrum fan it doarp. De Poiesz supermerk, Hubo en blommewinkel De Vlijtige Lies sitte no noch yn ien gebou, mar alle trije winkels ha oanjûn dat se op dat plak útwreide wolle.

De gemeente wol graach meiwurkje oan de plannen, mar easket wol dat der genôch draachflak foar is. Om dat te krijen, wurdt der de kommende tiid sjoen nei de bêste oplossing.

(advertinsje)