Vitens lansearret 100 merken lokaal drinkwetter

12 apr 2018 - 11:38

Om minsken mear bewust te meitsjen fan wêr't har eigen drinkwetter weikomt, lansearret drinkwetterbedriuw Vitens tongersdei hast 100 merken mei lokaal drinkwetter. It is ûnderdiel fan de kampanje ''Water uit de lokale bron'', dy't meardere jierren duorret.

Under de kampanje iepenet Vitens pop-up wetterwinkels yn Ljouwert, Utrecht, Arnhem en Zwolle. Klanten kinne dêr ferskate soarten kraanwetter priuwe en karaffen keapje mei it ferhaal fan it eigen drinkwetter. Ut ûndersyk docht bliken dat fierwei de measte Nederlanners wolle dat de wetterboarnen goed beskerme wurde, mar ek dat twatredde fan de minsken net witte wêr't harren wetter krekt weikomt.

Trefwurden: 
Vitens drinkwetter
(advertinsje)