Fryske fytsmakker haadpersoan yn film 'The Bastard'

12 apr 2018 - 17:35

In film mei de titel 'The Bastard' hat miskien wol in hiel ûnferwachtse haadpersoan: de Fryske fytsmakker Michiel Hoek út Aldemardum. De dokumintêre draait sûnt koart yn de bioskopen. Fyftjin jier lyn krige Hoek in brief dy't syn libben op de kop sette. Dy brief kaam út Etiopië en hie syn healbroer as ôfstjoerder. De healbroer fan Michiel blykt yn de finzenis te sitten foar moard. Hoek wist foar dy tiid net ôf fan it bestean fan syn Etiopyske healbroer Daniel. Heit Joop wurke foar in sûkerbitefabryk en hie, sûnder dat syn oare bern dat wisten, noch in jonge op 'e wrâld set.

Michiel docht syn best om Daniel út 'e finzenis te krijen. Dat slagget, mar de bân tusken beide bruorren wurdt noait echt fantastysk. Regisseur Floris-Jan van Luyn lei dit ferhaal fêst yn de film 'The Bastard'. De dokumintêre is tongersdeitejûn te sjen yn Slieker yn Ljouwert. Moandei 23 april wurdt in spesjale jûn organisearre yn it doarpshûs fan Aldemardum. Ek hjir sil de film fertoand wurde.

(advertinsje)